Leeuwarden, 27 oktober 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
De bron levert dit stuk ook in een andere versie: versie 1. Die tellen niet apart mee.
Zaaknummer: 2026-227550 Bijlage: Chronologisch overzicht Vijverzathe
Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen lykas bedoeld yn kêst 42, earste lid, fan it Reglement van Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan'e gemeente Ljouwert, yntsjinne op 28 augustus 2026. De fragen komme fan de FNP en gean oer ryksmonumint Vijverzathe.
Op 28 augustus 2026 hat de fraksje fan de FNP riedsfragen steld oer ryksmonumint Vijverzathe. Mei dizze memo wolle wy neier yngean op it dossier en de riedsfragen beäntwurdzje.
Alderearst wolle wy beklamje dat wy it tige spitich fine dat ryksmonumint Vijverzathe troch in brân swier skansearre rekke is. Tagelyk binne wy ferromme dat by de brân gjin minsklike slachtoffers fallen binne. Ek de tún, dy't as apart ryksmonumint oanwiisd is, is lokkigernôch bewarre bleaun. De oarsaak fan de brân is op it momint fan it skriuwen fan dizze beantwurding noch net bekend. Fierder ûndersyk troch de plysje moat dêroer útslútsel jaan.
Wy beseffe dat der in soad fragen binne oer wat de brân betsjut foar de takomst fan Vijverzathe. Dy fragen kinne wy op dit stuit spitigernôch noch net beäntwurdzje. Dêrfoar is mear ûndersyk nedich. Foar no jildt der in ynstânhâldingsplicht om it restant fan it ryksmonumint te behâlden. Dat betsjut dat de eigener wetlik ferplichte is om fierdere efterútgong, ferwaarleazging en/of it ferlern gean fan de oerbleaune histoaryske ûnderdielen foar te kommen.
Der binne ek in soad fragen oer wêrom't de eigener net earder ta restauraasje fan it ryksmonumint oergien is. Hjirûnder jouwe wy jo ynsjoch yn de stappen dy't wy nommen hawwe om de eigener derta te bewegen him oan de regels te hâlden. Dêrby is it wol fan belang om te beseffen dat de eigener sels primêr ferantwurdlik is en bliuwt foar it behâld fan it ryksmonumint.
Fragen Antwurden 1. _Kinne jo in folslein oersjoch jaan_ Ja, dat is mooglik. Wy ferwize hjirfoar nei de _(tiidpaad) fan alle meldingen,_ taheakke bijlage. _petearen en hanthaveningsstappen_ _(ynklusyf de lêst ûnder dwangsom_ _fan 28 desimber 2023 en de_ _ferlingingen dêrfan oant july 2026)_ _dy't plakfûn hawwe mei de eigener_ _fan Vijverzathe sûnt 2016?_
2. _Klopt it dat Doarpsbelang Jelsum-_ _Koarnjum al yn 2022-2023 by de_ _gemeente syn soargen utere hat oer_ _it slimme ferfal fan Vijverzathe? Sa_ _ja, wannear krekt hat dit oerlis_ _plakfûn, wat is der mei dizze_ _sinjalen dien en op hokker wize is_ _Doarpsbelang dêrnei meinaam yn it_ _ferfolchtrajekt?_
Ja, it kloppet dat wy op 9 desimber 2022 in melding ûntfongen hawwe. Dêryn binne soargen útsprutsen oer de ferwaarleazging en it efterstallich ûnderhâld fan Vijverzathe.
Nei oanlieding fan dizze melding hat op 2 maaie 2023 in persoanlik petear mei de eigener plakfûn.
Tidens it petear hat de eigener oanjûn dat er ree is om ta herstel fan it ryksmonumint te kommen. Wy hawwe him dêrom de gelegenheid jûn om mei in
Blad 2 2026-227550
goed trochtocht plan te kommen, dêr't omtinken yn is foar in eventuele nije bestimming/ferbouwing, mar ek foar it werstel fan it efterstallich ûnderhâld fan it ryksmonumint.
Dat wie foar ús op dat stuit oanlieding om gjin fierdere stappen te nimmen wat hanthavenjen oanbelanget. Wy hawwe wol meidield dat, as de situaasje te lang sa trochgiet of as der op koarte termyn gjin sicht op ferbettering is, wy dochs oergean sille ta it oplizzen fan in lêst ûnder twangsom om oan de ynstânhâldingsplicht te foldwaan. De makke ôfspraken binne befêstige yn ús brief fan 3 maaie 2023, dy't op 8 maaie 2023 ferstjoerd is.
Wy hawwe Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum net per brief op 'e hichte brocht fan de wize wêrop't wy harren melding ôfhannele hawwe.
Sinjalen en meldingen nimme wy serieus. Sadree't der genôch kapasiteit beskikber is, pakke wy dy ek op. De melding is fan maart 2023 ôf oppakt. Meldingen en sinjalen kinne troch elkenien yntsjinne wurde. Dat betsjut ek dat wy de melders net aktyf op 'e hichte hâlde fan alle stappen dy't wy nimme. Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum is dêrom net belutsen by it ferfolchtrajekt.
3. _Jo wurdfierder joech yn maaie 2023_ Sa't jo yn taheakke dokument lêze kinne, hawwe _oan: "We diele de soargen dy't_ wy net stilsitten om de eigner oan te setten ta it _doarpsbelang Jelsum-Koarnjum_ herstellen fan it ryksmonumint. It is lykwols oan de _útspraat hat. It ryksmonumint_ eigner om dêrnei ek de juste aksjes yn de juste _Vijverzathe hat ús omtinken". Hoe_ folchoarder te ûndernimmen. Sûnt 2023 hawwe wy _ferhâldt dizze útspraak him ta it_ ferskate petearen mei de eigner fierd om ta _feit dat der oant de brân op 27_ herstel te kommen. Ek binne wy juridyske _augustus 2026 gjin sichtber herstel_ prosedueres tsjin de eigner begûn, wêrby't flinke _plakfûn hat?_ twangsommen oplein binne. Tsjin dizze
3. _Jo wurdfierder joech yn maaie 2023_ Sa't jo yn taheakke dokument lêze kinne, hawwe _oan: "We diele de soargen dy't_ wy net stilsitten om de eigner oan te setten ta it _doarpsbelang Jelsum-Koarnjum_ herstellen fan it ryksmonumint. It is lykwols oan de _útspraat hat. It ryksmonumint_ eigner om dêrnei ek de juste aksjes yn de juste _Vijverzathe hat ús omtinken". Hoe_ folchoarder te ûndernimmen. Sûnt 2023 hawwe wy _ferhâldt dizze útspraak him ta it_ ferskate petearen mei de eigner fierd om ta _feit dat der oant de brân op 27_ herstel te kommen. Ek binne wy juridyske _augustus 2026 gjin sichtber herstel_ prosedueres tsjin de eigner begûn, wêrby't flinke _plakfûn hat?_ twangsommen oplein binne. Tsjin dizze
prosedueres binne rjochtsmiddels ynsteld. Dit alles mei-inoar hat der spitigernôch ta laat dat der oant de brân op 27 augustus 2026 gjin sichtber herstel plakfûn hat.
4. _Yn de útspraak fan 21 jannewaris_ Wy hawwe ferskate lêsten ûnder twangsom oplein. _2026 wurdt sprutsen oer 26 brekmen_ Sjoch dêrfoar ek taheakke dokument. De lêst om _en fandalisme yn it pân. Wat is de_ oan de ynstânhâldingsplicht te foldwaan is no _aktuele stân fan de ferwurke_ folslein útwurke. Dat betsjut dat yn totaal in _dwangsommen en hokker brekmen_ twangsom fan € 145.520,- ferbeurd is. _wiene op 27 augustus l.l. wol en net_ _wersteld?_ Gjin fan de tekoartkommingen is neffens de lêst
Wy hawwe ferskate lêsten ûnder twangsom oplein. Sjoch dêrfoar ek taheakke dokument. De lêst om oan de ynstânhâldingsplicht te foldwaan is no folslein útwurke. Dat betsjut dat yn totaal in twangsom fan € 145.520,- ferbeurd is.
Gjin fan de tekoartkommingen is neffens de lêst ûnder twangsom ferholpen. Der binne wol inkele kosmetyske wurksumheden útfierd, lykas skilderwurk. Dizze wurksumheden binne lykwols net neffens de ERM-rjochtlinen útfierd. ERM
Blad 3 2026-227550
rjochtlinen binne detaillearre technyske noarmen en ôfspraken oer hoe't ûnderhâld, restauraasje en ferduorsuming fan monuminten op de goede wize útfierd wurde moatte.
De oare lêsten ûnder twangsom binne net ferbeurd. Wy hawwe wol noch bestjoersdwang tapast. De kosten dêrfan, € 6.279,89, ferhelje wy ek op de eigener. In kostenferhaalsbeskikking is koartlyn ferstjoerd.
Fierder hawwe wy fuort nei de brân spoedeaskjende bestjoersdwang tapasse moatten. Tsjin dit beslút is beswier makke. Wy hawwe dêrfoar kosten meitsje moatten. It útgongspunt is dat wy dizze kosten ek op de eigener ferhelje.
5. _No't it ryksmonumint folslein yn 'e_ Net wy, mar de minister is it foechhawwend gesach _jiske lein is - wêrby't de plysje_ om fêst te stellen oft de brân fan ynfloed is op de _brânstifting net útslút - wat betsjut_ monumintale status fan it pân en, sa ja, wat dy _dit foar de monumintale status fan_ status is. De Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed _it perseel, de tún en de_ (RCE) hat hjir ûndersyk nei dien. Sa't jo mooglik _tagongshekken? Hokker easken sil it_ lêzen hawwe yn it kranteartikel fan de Leeuwarder _kolleezje stelle oan mooglike_ Courant fan 15 septimber 2026, is it stânpunt fan _werbou en/of behâld fan de_ de RCE op dit stuit dat der genôch monumintale _kultuerhistoaryske wearde?_ ûnderdielen bewarre bleaun binne om de status fan
ryksmonumint te behâlden. Dit betsjut konkreet dat foar it restant fan Vijverzathe in ynstânhâldingsplicht jildt. Dit hâldt yn dat de eigner wetlik ferplichte is om fierdere efterútgong, ferwaarleazging en/of it ferlern gean fan de oerbleaune histoaryske ûnderdielen foar te kommen.
De RCE is ta dit oardiel kommen nei in lokaasjebesite op 2 septimber 2026. Dy is útfierd troch it ynsidinteteam fan de RCE. It ynsidinteteam wurdt ynset by ynsidinten en kalamiteiten mei grutte skea, as der nei in ynsidint op koarte termyn ferfolchskea te ferwachtsjen is of op basis fan de ynformaasje dy't fan de gemeente ûntfongen is. It doel fan it ynsidinteteam is om te advisearjen oer konsolidearjende maatregels om fierdere skea oan it ryksmonumint en de monumintale wearden dêrfan foar te kommen. It útgongspunt fan de RCE is om de oanwêzige monumintale ûnderdielen feilich te stellen en, foaralsnog, it monumint op termyn op histoarysk ferantwurde wize te herstellen.
Op 2 oktober 2026 hat de RCE ús advys útbrocht. Dêryn is advisearre om in tal needmaatregels te (litten) treffen. Pas neidat dy nommen binne en
Blad 4 2026-227550
der ek in bouhistoarysk ûndersyk opsteld is, is der in basis om te kommen ta it mooglik herstellen fan ferdwûne ûnderdielen en/of oare planfoarming. Binnen dizze rânebetingsten moat de eigner dêrnei mei in oanfraach foar in omjouwingsfergunning komme. Foar elke aktiviteit is sa'n fergunning nammentlik nedich. Ek yn dit trajekt sil de RCE ús fan advys foarsjen.
6. _Binne jo ree om, tegearre mei_ Wy binne ree om Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum, _Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum en_ omwenjenden en de ried te ynformearjen, sadree't _omwenners, op koarte termyn yn_ der mear bekend is oer de takomst fan _petear te gean oer de takomst fan_ ryksmonumint Vijverzathe. Dêrby wolle wy wol _dit histoaryske plak en de ried_ oanjaan dat wy ôfhinklik binne fan de plannen en _dêroer foar ein 2026 te_ aksjes fan de eigener. _ynformearjen?_
Leeuwarden, 27 oktober 2026,
burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester. {{Signer2}}
secretaris. {{Signer1}}
_*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend._