Waadhoeke, 24 augustus 2026
Bron laatst gecontroleerd op 4 oktober 2026.
Skriftlike fragen
Skriftlike fragen konfoarm artikel 33 fan it Reglemint fan oarder foar gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2023.
Underwerp: Keatsfjild Berltsum
De fraksje fan FNP Waadhoeke hat de folgjende fragen oan it kolleezje:
1. Steat fan it fjild: Is it kolleezje op 'e hichte fan de dramatyske steat dêr't it keatsfjild yn Berltsum him op snein 28 juny yn befûn by de wedstriden fan de hearen haadklasse en earste klasse? Sa ja, hoe ferklearret it kolleezje dat it fjild yn dizze kondysje ferkearde? Sa nee, is it kolleezje ree om op koarte termyn de feitlike tastân fan it fjild ynspektearje te litten? 2. Kontakt mei de feriening: Is der yn de ôfrûne perioade, en yn it bysûnder yn de oanrin nei it wykein fan 28/29 juny 2026 kontakt west tusken de gemeente en it bestjoer fan de oanbelangjende keatsferiening oer de steat fan it fjild? Sa ja, wat is de útkomst fan it oerlis west en hokker ôfspraken binne der makke? 3. Ferantwurdlikheid en aksjeplan: Wêr lizze neffens de hieroerienkomst de ferantwurdlikheden foar it behear en ûnderhâld fan dit spesifike keatsfjild? Wurdt der nei oanlieding fan de resinte situaasje aksje ûndernommen om de kwaliteit fan it fjild te ferbetterjen? Sa ja, wat giet der konkreet barren, op hokker termyn, en wa draacht hjirfoar de kosten en de útfiering? 4. Spoedmaatregels: Wat wurdt der no op koarte termyn troch de gemeente dien om ta in flugge ferbettering fan de kondysje fan it fjild te kommen?
de kwaliteit fan de fjilden better boarge is?
Taljochting:
mooglik temjitte.
Datum: 1 july 2026
Jetske Tolsma
Ut namme fan de fraksje fan: FNP Waadhoeke
Type Uit de bron