Noardeast-Fryslân, 4 november 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Jiertal / saaknûmer: 2026-289668
Datum: 04-11-2026
Fragen rjochte oan:
Kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Underwerp: Fuortgong wenningbouprojekt Cedelshof Kollumersweach
Oan it kolleezje fan B&W wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen:
1. Grûnlevering
Wêrom stie de gemeente op 28 oktober 2026 noch as eigner registrearre, wylst de grûn neffens jo eigen beantwurding uterlik op 27 juny 2026 levere wurde moast?
2. Oanfraach omjouwingsfergunning
Kin it kolleezje mei in datearre ûntfangstbefêstiging oantoane dat de omjouwingsfergunning binnen de seis moannen út paragraaf 15, ûnder d, oanfrege is?
3. Neilibjen fan ôfspraken
Hokker konkrete maatregels hat it kolleezje nei 27 juny 2026 nommen om it neikommen fan de leveringsôfspraak ôf te twingen?
4. Wiziging fan it hofkeplan
Hokker ôfwikingen fan it winnende hofkeplan binne sûnt de gunning mei Estate besprutsen of troch de gemeente tastien, wêrûnder twa-ûnder-ien-kapwenningen?
5. Tapassing fan paragraaf 13
Op hokker grûn soe it kolleezje fan paragraaf 13 fan de gunningsliedtried ôfwike meie as Estate it selektearre hofkeplan net útfiere kin?
6. Gelikense kânsen by in oar programma
Sil it kolleezje by in wêzentlik oar ûntwikkelprogramma de proseduere opnij iepenstelle foar alle belangstellende partijen, yn plak fan allinnich mei Estate nije ôfspraken te meitsjen?
7. Kennis fan de fertraging
Op hokker datum wist it kolleezje foar it earst dat de ôfpraat grûnlevering op 27 juny 2026 net helle wurde soe?
8. Ynformaasje oan de ried
Wannear hat it kolleezje de ried aktyf ynformearre dat de op 2 juny 2026 presintearre planning foar de grûnlevering net helle waard?
9. Utstel en oanpaste betingsten
Op hokker objektive grûn soe allinnich Estate útstel of oanpaste betingsten krije meie, sûnder oare belangstellende partijen deselde kâns te bieden?
10. Bestjoerlike ferantwurdlikens
Is dizze gong fan saken de wurkwize dêr’t it kolleezje foar stiet as it giet om it hanthavenjen fan eigen ôfspraken, betrouberens en gelikense behanneling?
Taljochting:
Yn jo beantwurding fan 2 juny 2026 neame jo 27 juny 2026 as uterste datum foar de levering fan de grûn oan Estate en Partners. Jo stelle dêrby: “Der is gjin sprake fan fertraging” en dat oan de oerienkommen betingsten foldien wurdt.
De eigendomsynformaasje fan it Kadaster fan 28 oktober 2026 neamt de gemeente Noardeast-Fryslân lykwols noch as eigner fan it perseel Westergeest F 1390. Dat is rom fjouwer moanne nei de troch jo sels neamde uterste leveringsdatum. De eigendomsregistraasje slút dêrmei net oan by de leveringsôfspraak en de planning út jo earste beantwurding. It kolleezje moat dizze ôfwiking ferantwurdzje en mei in bywurke planning komme.
De liedtried is dúdlik: paragraaf 15, ûnder b, skriuwt levering uterlik ien jier nei ûndertekening fan de keapoerienkomst foar. Under d stiet dat de omjouwingsfergunning binnen seis moannen nei de gunning oanfrege wurde moat. Paragraaf 13 bepaalt dat, as de winner de opdracht net útfiere kin, oan de as twadde einige ynskriuwer gund wurdt. In hofke levere boppedat 80 punten op by de beoardieling en wie dus in gunningskritearium.
De gemeente kin net fan alle dielnimmers neilibjen fan de spulregels freegje en de winner dêr efterôf sûnder deugdelike grûn fan frijstelle. De FNP fynt dat in wêzentlik oar ûntwikkelprogramma opnij iepenbier oanbean wurde moat, mei gelikense kânsen foar alle belangstellende partijen. Betrouberens en de Didam-regels freegje om iepenheid en gelikense behanneling.
Undertekening:
Namme: Anton Buwalda Fraksje: FNP