Dantumadiel, 11 november 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Oan de leden fan de ried fan de gemeente Dantumadiel Postbus 22 9104 ZG Damwâld
Underwerp: agrarysk lânskipsbehear
Us merkteken:
Us merkteken: 2026-273601
Behannele troch: Kolleezje fan boargemaster en wethâlders
Datum brief: 9 novimber 2026 Datum college: 9 novimber 2026
9 novimber 2026 9 novimber 2026
Achte ried,
Op freed 16 oktober 2026 hat de fraksje fan FNP op grûn fan artikel 34 Reglement van Orde skriftlike fragen steld oer agrarysk lânskipsbehear.
Wy fine it wichtich om de stelde fragen soarchfâldich en yn gearhing te beantwurdzjen. Dizze problematyk wurdt ôfstimd mei de gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel, Noardeast-fryslân en Smellingerlân. Wy wolle der op ta dat de gemeenten dy’t diel útmeitsje fan it wurkgebiet fan de Noardlike Fryske Wâlden safolle mooglik in mienskiplike line hantearje.
Op 18 novimber oansteande fynt hjiroer in bestjoerlik oerlis plak, wêrby’t ek de deputearre fan de provinsje Fryslân oanslút. Dit oerlis is derop rjochte om meielkoar ta in gedragen rjochting te kommen. De útkomsten hjirfan wolle wy graach belûke by de beantwurding fan de fragen.
Om dy reden slagget it ús net om de fragen binnen de yn artikel 34, tredde lid, fan it Reglement van Orde stelde termyn te beantwurdzjen. Wy ferwachtsje de fragen foar 11 desimber 2026 te beantwurdzjen.
Mei freonlike groetnis, Ut namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel,
T. Dijkstra Sekretaris
Type Automatisch herkend