Achtkarspelen, 11 november 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 43
Datum: 11 novimber 2026
Ûnderwerp: Útfiering leechstânsferoardering
Saak- en stiknûmer: 2026111124623/26ZG056795
Achte kolleezje,
Nei oanlieding fan in artikel yn de LC fan 9 novimber 2026
[https://www.lc.nl/regio/friesland/nederlandse-gemeenten-laks-met-leegstand-ook-in-](https://www.lc.nl/regio/friesland/nederlandse-gemeenten-laks-met-leegstand-ook-in-friesland-weinig-tot-geen-actie/164291513.html) friesland-weinig-tot-geen-actie/164291513.html
hat de FNP-fraksje in oantal fragen.
Yn it bestjoersakkoart 2026–2030 stiet dat it kolleezje in leechstânsferoardering ynfiere wol. De FNP-fraksje wol graach witte hoe en wannear’t dizze ôfspraak útfierd wurdt.
1. Kin it kolleezje befêstigje dat it fan doel is in leechstânsferoardering yn te fieren, sa’t yn it bestjoersakkoart 2026–2030 opnommen is?
2. Hokker pannen wol it kolleezje ûnder de regeling falle litte: allinnich wenten of ek bygelyks winkels, kantoaren en oare gebouwen?
3. Hoe wol it kolleezje langduorjende leechstân fêststelle en registrearje? Is der al in nulmjitting of oersjoch fan leechsteande pannen yn de gemeente?
4. Hokker kritearia oer de doer fan de leechstân, mooglike útsûnderingen en de hichte fan de belesting oerwaget it kolleezje?
5. Hokker juridyske en praktyske stappen binne nedich om de belesting yn te fieren, en wannear wol it kolleezje de ried dêr in útstel oer foarlizze?
6. Op hokker datum ferwachtet it kolleezje dat de leechstânsferoardering wier fan krêft wurde kin? En kin dit ek mei weromwurkjende krêft?
7. Hoe wurdt foarkommen dat de belesting oplein wurdt by leechstân dy’t bygelyks komt troch in ferbouwing, fergunningen, ferkeap, ferduorsuming of in oare situaasje dêr’t de eigener gjin ynfloed op hat?
Ut namme fan de FNP fraksje Jacob Hooghiemstra
Type Uit de bron