Waadhoeke, 24 augustus 2026
Bron laatst gecontroleerd op 4 oktober 2026.
Raadsvraag Skriftlike fragen FNP oangeande Keatsfjild Berltsum
Datum 11 augustus 2026 Zaaknummer 2026-198541 Afdeling Beheer Openbare Ruimte Onderwerp Skriftlike fragen FNP oangeande Keatsfjild Berltsum
RAADSVRAAG Col2 Vraag van: FNP aan: het college van burgemeester en wethouders d.d.: 1 juli 2026 vorm: Schriftelijk Inhoud Onderwerp: Skriftlike fragen FNP oangeande Keatsfjild Berltsum Vraag: 1. Steat fan it fjild: Is it kolleezje op 'e hichte fan de dramatyske steat dêr't it keatsfjild yn Berltsum him op snein 28 juny yn befûn by de wedstriden fan de hearen haadklasse en earste klasse? Sa ja, hoe ferklearret it kolleezje dat it fjild yn dizze kondysje ferkearde? Sa nee, is it kolleezje ree om op koarte termyn de feitlike tastân fan it fjild ynspektearje te litten? 2. Kontakt mei de feriening: Is der yn de ôfrûne perioade, en yn it bysûnder yn de oanrin nei it wykein fan 28/29 juny 2026 kontakt west tusken de gemeente en it bestjoer fan de oanbelangjende keatsferiening oer de steat fan it fjild? Sa ja, wat is de útkomst fan it oerlis west en hokker ôfspraken binne der makke? 3. Ferantwurdlikheid en aksjeplan: Wêr lizze neffens de hieroerienkomst de ferantwurdlikheden foar it behear en ûnderhâld fan dit spesifike keatsfjild? Wurdt der nei oanlieding fan de resinte situaasje aksje ûndernommen om de kwaliteit fan it fjild te ferbetterjen? Sa ja, wat giet der konkreet barren, op hokker termyn, en wa draacht hjirfoar de kosten en de útfiering? 4. Spoedmaatregels: Wat wurdt der no op koarte termyn troch de gemeente dien om ta in flugge ferbettering fan de kondysje fan it fjild te kommen? 5. Previnsje: Hoe kin in werhelling fan dizze situaasje yn de takomst foarkommen wurde? Is it kolleezje ree om ta dúdlike ôfspraken te kommen mei it bestjoer fan de keatsferiening, sadat de kwaliteit fan de fjilden better boarge is? Reactie college (raad ) 1. Steat fan it fjild: Is it kolleezje op 'e hichte fan de dramatyske steat dêr't it keatsfjild yn Berltsum him op snein 28 juny yn befûn by de wedstriden fan de hearen haadklasse en earste klasse? Sa ja, hoe ferklearret it kolleezje dat it fjild yn dizze kondysje ferkearde? Sa 2 |
nee, is it kolleezje ree om op koarte termyn de feitlike tastân fan it fjild ynspektearje te litten? De steat fan it fjild wie yn de tiid fan it evenemint bekend by de behearders fan de sportfjilden. It ôfwikende kwaliteitsnivo is it gefolch fan de ekstreem waarme en drûge waarsomstannichheden fan de ôfrûne wiken, kombinearre mei de foarseine oanhâldende waarmte.
Dêrneist hat it net mooglik west it fjild te bereinen, wêrtroch't de gersmatte sterk ûnder druk kaam te stean. Yn de direkte omjouwing fan it fjild is gjin geskikte wetterboarne oanwêzich om mei help fan in bereiningshaspel wetter op te pompen en it fjild fan foldwaande focht te foarsjen.
2. Kontakt mei de feriening: Is der yn de ôfrûne perioade, en yn it bysûnder yn de oanrin nei it wykein fan 28/29 juny 2026 kontakt west tusken de gemeente en it bestjoer fan de oanbelangjende keatsferiening oer de steat fan it fjild? Sa ja, wat is de útkomst fan it oerlis west en hokker ôfspraken binne der makke? Der hat yn de oanbelangjende perioade gjin spesifyk oerlis west tusken de keatsferiening en de gemeente oer de steat fan it fjild. Wol is der regulier kontakt tusken de gemeente en de feriening, mar dêryn hat de kwaliteit fan it fjild yn de oanrin nei it wykein fan 28 en 29 juny 2026 net ôfsûnderlik oan de oarder west.
fjild te kommen?
3 |
| Col1 | Dêrnei sille de nedige werstelwurksumheden útfierd wurde om de kwaliteit fan de gersmatte te ferbetterjen. Wurksumheden lykas trochsiedzjen en oare kultuertechnyske bewurkingen meitsje ûnderdiel út fan it reguliere ûnderhâld. Fanwege de hjoeddeistige waarsomstannichheden binne dizze wurksumheden útsteld, omdat útfiering op dit stuit liede kin ta fierdere skea oan de gersmatte. 5. Previnsje: Hoe kin in werhelling fan dizze situaasje yn de takomst foarkommen wurde? Is it kolleezje ree om ta dúdlike ôfspraken te kommen mei it bestjoer fan de keatsferiening, sadat de kwaliteit fan de fjilden better boarge is? De kwaliteit fan in natuergersfjild bliuwt foar in grut part ôfhinklik fan waarynfloeden. Underlinge ôfspraken tusken de keatsferiening en de gemeente kinne ekstreme waarsomstannichheden net foarkomme. In duorsume boarging fan de fjildkwaliteit is allinnich mooglik as in passende bereiningsfoarsjenning beskikber is, fieden út in foldwaande grutte wettergong wei. Dêr is in grutte ynvestearring foar needsaaklik. Sjoen de ôfstân tusken it sportpark en in geskikte wetterboarne sil in ynfrastruktuer oanlein wurde moatte om wetter nei it fjild te transportearjen en ynsette te kinnen foar bereining. |
|---|
4 |