Waadhoeke, 9 oktober 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Skriftlike fragen
Skriftlike fragen konfoarm artikel 33 fan it Reglemint fan oarder foar gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2023.
Underwerp: Fernielingen boarterstún Berltsum
De fraksje fan FNP Waadhoeke hat de folgjende fragen oan it kolleezje:
1. Hat de gemeente al kontakt hân mei doarpsbelang en hat de gemeente by eardere sinjalen oer fandalisme ek mear ynset op it hânhavenjen fan de oarde? Sa ja, wat hat de gemeente dien? Graach in tiidspaad. 2. Wol it kolleezje op tige koarte termyn yn oerlis mei it doarp om te bepraten hoe’t de boarterstún bestean bliuwe kin foar de bêrn? 3. Wol it kolleezje ekstra ynspanningen dwaan om de fernilerij de kop yn te drukken? Bygelyks mear tafersjoch troch Boa’s, mooglik hekwurk en in ferbod nei 20.00 oere om de boarterstún te betreden. Hoe sjocht it kolleezje tsjin sokke maatregels oan? 4. We kinne ek lêze dat de plannen foar in hingplak en in sportkooi no faai stean. Kin it kolleezje ek oanjaan wat der op dat mêd noch barren giet?
Taljochting: [https://omroepzilt.nl/nieuws/algemeen/vandalisme-kost-berltsum-zijn-speeltuinvereniging-dan-](https://eur04.safelinks.protection.outlook.com/?url=https%3A%2F%2Fomroepzilt.nl%2Fnieuws%2Falgemeen%2Fvandalisme-kost-berltsum-zijn-speeltuinvereniging-dan-denk-je-daar-gaan-we-weer%2F&data=05%7C02%7Cgriffie%40waadhoeke.nl%7C3af303f0ed104f93f83008df25edee65%7C938c17e33cd94fe690d0a1053a1228b5%7C0%7C0%7C639271375968157388%7CUnknown%7CTWFpbGZsb3d8eyJFbXB0eU1hcGkiOnRydWUsIlYiOiIwLjAuMDAwMCIsIlAiOiJXaW4zMiIsIkFOIjoiTWFpbCIsIldUIjoyfQ%3D%3D%7C0%7C%7C%7C&sdata=dZ48jwZck3ojdue3fIV%2FuOI0ISL2yYOTphRncZp4Wsk%3D&reserved=0) [denk-je-daar-gaan-we-weer/](https://eur04.safelinks.protection.outlook.com/?url=https%3A%2F%2Fomroepzilt.nl%2Fnieuws%2Falgemeen%2Fvandalisme-kost-berltsum-zijn-speeltuinvereniging-dan-denk-je-daar-gaan-we-weer%2F&data=05%7C02%7Cgriffie%40waadhoeke.nl%7C3af303f0ed104f93f83008df25edee65%7C938c17e33cd94fe690d0a1053a1228b5%7C0%7C0%7C639271375968157388%7CUnknown%7CTWFpbGZsb3d8eyJFbXB0eU1hcGkiOnRydWUsIlYiOiIwLjAuMDAwMCIsIlAiOiJXaW4zMiIsIkFOIjoiTWFpbCIsIldUIjoyfQ%3D%3D%7C0%7C%7C%7C&sdata=dZ48jwZck3ojdue3fIV%2FuOI0ISL2yYOTphRncZp4Wsk%3D&reserved=0)
Datum: 9 oktober 2026
Bert Vollema
Ut namme fan de fraksje(s) fan: FNP Waadhoeke