Smallingerland, 20 oktober 2026
Bron laatst gecontroleerd op 16 november 2026.
De bron levert dit stuk ook in een andere versie: versie 1. Die tellen niet apart mee.
MOASJE FAN OANMOEDIGING
by beslútpunt 7 fan it beslút, Ontwerp-Ruimtelijk Ontwikkelperspectief (ROP):
De gemeenteried fan Smellingerlân, yn gearkomste byinoar op 20 oktober 2026,
Konstatearjende dat:
- Der in protte ûnrêst yn de doarpen ûntsien is oer de grutte wentebou oantallen fan it kolleezje;
- De doarpen it gefoel ha net serieus naam te wurden;
- Der sprake is neffes it kolleezje fan autonome groei mei in plus oan ambysje;
- Autonome groei prima is mar de ambysjes fan it kolleezje foar in protte ûnrêst soargje.
Oerwaagjende dat:
- De doarpen helder binne wat sy wolle en dit net oerien komt mei de ambysje fan dit kolleezje;
- It net helder is at de Provinsje wol akkoard is mei sokke oantallen wenningen;
- De wethâlder foarkommen docht as is de Provinsje al akkoart mar wy dêr nea it bewiis fan krigen ha;
- Der wer rêst komme moat yn de doarpen en by namme yn Boarnburgum;
- In moasje fan ôfkarring eins wol op syn plak is mar foar no te fier giet;
- Wy it kolleezje oanmoedigje wolle om by de ROP de doarpen serieus te nimmen en harren winsken te ferwurkjen.
Oanmoediging:
Moedigje it kolleezje oan om de oantallen wenningen mei de grutte ambysjes realistysk te meitsjen en ôf te skalen nei wêr yn de doarpen ferlet fan is. Dit tegearre mei de doarpsbelangen te dwaan en te ferwurkjen yn de ROP.
En giet oer ta de oarder fan de dei.
Út namme fan de fraksje fan de FNP
Theun Wiersma
Samenvatting door AI, check de bron
Type Uit de bron