Noardeast-Fryslân, 29 september 2026
Bron laatst gecontroleerd op 4 oktober 2026.
Oan de leden fan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân Postbus 1 9100 AA Dokkum
Us merkteken: 2026-233483
Kluster: Mienskip Datum: 28-9-2026
Underwerp: riedsfragen Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân oer de stipe fan politike partijen
Achte ried,
Op 3 septimber 2026 hat de fraksje fan Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân fragen steld oer de stipe fan politike partijen. Yn dit brief beäntwurdzje wy dizze fragen.
_Fraach 1: Kin it kolleezje befêstigje dat Noardeast-Fryslân yn 2026 € 18.386 ûntfangt foar de stipe fan_ _lokale politike partijen?_
Antwurd: Ja, dat kinne wy befêstigje. It Ryk hat ienmalich in bedrach fan € 18.386,- beskikber steld oan ús gemeente. Dit bedrach ûntfange wy yn 2026.
_Fraach 2: Op hokker wize is dit bedrach yn de begrutting 2026 ferwurke?_
Antwurd: Dit bedrach is oankundige yn ‘e meisirkulêre 2026. En is net opnommen yn ‘e begrutting 2026. Wy ferwurkje dit bedrach yn ‘e tredde tuskentiidse rapportaazje.
_Fraach 3: Is it kolleezje fan doel om hjirfoar in subsydzjeregeling fêst te stellen, bygelyks op basis_ _fan de VNG-modelregeling?_
Antwurd: Ja, dat binne wy fan doel en dat dogge wy op basis fan it model regeling dy't de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) biedt.
_Fraach 4: Sa ja, wannear kinne politike partijen dizze subsydzje oanfreegje?_
Antwurd: Wy sille dy regeling mids novimber fêststelle en dêrnei publisearje. Dêrnei kinne politike partijen in subsydzje oanfreegje.
_Fraach 5: Sa nee, wat bart der dan mei it hjirfoar ûntfongen bedrach fan € 18.386?_
Antwurd: Sjoch it antwurd op fraach 3. Dit is net oan ‘e oarder.
2026-220845 Datum: 28-9-2026
Wy gean der fan út dat wy jo hjirmei foldwaande ynformearre hawwe.
Heechachtsjend, Ut namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân,
H.J.C.M. Verbunt, MBA mr. J.G. Kramer Sekretaris Boargemaster