Pagina wordt geladen
Opsterland, 10 augustus 2026
Bron laatst gecontroleerd op 4 oktober 2026.
SKRIFTLIKE FRAGEN
(Artikel 39 Reglemint fan Oarder)
Datum: 16-05-2026 Fraachsteller: Sikke Visser Underwerp: Sluten fan it loket natuerfergunningen oant 2028 Taljochting: Deputearre Steaten ha witte litten dat it loket natuerfergunningen sa goed as sletten is oant 2028 Fragen: It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: 1. Kin it kolleezje oanjaan wat de gefolgen fan it sluten fan neamt loket binne foar: a. de ynwenners fan de gemeente Opsterlân? b. de bedriuwen yn de gemeente Opsterlân? c. de gemeente Opsterlân as organisaasje? 2. Wat ûndernimt it kolleezje om de gefolgen fan it sluten fan it neamt loket sa folle as mooglik te beheinen foar ynwenners, bedriuwen en eigen organisaasje? 3. Hat it kolleezje yn byld hokker projekten, wenningbouplannen of ekonomyske ûntwikkelingen yn Opsterlân fertraging oprinne kinne troch de beheinde fergunningferliening? Is it kolleezje fan miening dat gemeenten genôch ynfloed hawwe op de gefolgen fan it stikstof- en natuerfergunningsbelied foar lokale ûntwikkelingen? Undertekening en namme: Sikke Visser, FNP Opsterlân
Type Uit de bron