Noardeast-Fryslân, 1 oktober 2026
Bron laatst gecontroleerd op 4 oktober 2026.
Jiertal / saaknûmer: 2026-231997
Datum: 02-09-2026
Fragen rjochte oan:
Kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Underwerp: útfiering startnotysje en partisipaasje Betterwird
Oan it kolleezje fan B&W wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen:
1. Wêrom hat it kolleezje de gemeenteried pas op 1 septimber ynformearre, neidat de ynformaasjebijeenkomsten al plakfûn hiene en op it momint dat de OAR neffens de riedsbrief al offisjeel fan start giet? Fynt it kolleezje dat de ried hjirmei op ’e tiid yn posysje brocht is?
2. Yn de riedsbrief stiet dat de kick-offbijeenkomsten foar Hallum en Betterwird respektivelik op 22 juny en 1 july holden binne. Yn de útnûging foar 27 augustus stiet dat op 22 juny de earste bijeenkomst foar Betterwird holden is. Hokker data en bijeenkomsten hearre by Hallum en hokker by Betterwird, wat wie de formele status fan de bijeenkomst fan 27 augustus en wêrom wurdt dy lêste bijeenkomst net yn de riedsbrief neamd?
3. Wêrom wie by de bijeenkomst fan 27 augustus gjin kolleezjelid of ynhâldlik ferantwurdlike amtner oanwêzich om fragen oer it gemeentlik belied, it Plan fan oanpak, de mooglike lokaasje en de provinsjale regeljouwing te beäntwurdzjen?
4. Wa wiene de twa eksterne persoanen, út namme fan hokker organisaasjes hannelen sy, wat wie harren krekte opdracht en mandaat en wa is bestjoerlik ferantwurdlik foar de krektens en folsleinens fan de troch harren jûne ynformaasje?
5. Befêstiget it kolleezje dat yn it Plan fan oanpak in startsenario stiet mei twa wynturbines mei in maksimale tiphichte fan 100 meter, op in ûndersochte lokaasje oan de noardkant fan it sinnepark? Wêrom binne dit senario, de tiphichte en de lokaasje net konkreet oan de oanwêzige ynwenners taljochte?
6. Is by de bijeenkomst sein dat noch net bekend is wêr’t eventuele wynturbines komme kinne? Sa ja, hoe ferhâldt dy útspraak him ta de lokaasje dy’t al ûndersocht en yn it Plan fan oanpak opnommen is? Hokker status hat dy lokaasje en wat leit noch wol en net iepen?
7. Befêstiget it kolleezje dat de troch de ried fêststelde startnotysje gjin spesifyk beslút befettet oer it tal wynturbines, de lokaasje of in tiphichte fan 100 meter? Wannear en
op hokker wize is de ried aktyf ynformearre oer dizze konkrete útwurking en de byhearrende businesscase?
8. Op grûn fan hokker geografyske ôfbakening, ôfstân, postkoadegebieten en oare kritearia binne omwenners útnûge? Kin it kolleezje de belanghawwende-analyze en in kaart mei de ûndersochte lokaasje, it mooglike ynfloedgebiet en it feitlike útnûgingsgebiet oan de ried beskikber stelle?
9. Wêrom hawwe net alle ynwenners dy’t ticht by de ûndersochte lokaasje wenje in útnûging krigen, yn it bysûnder de ynwenners bûten Dokkum? Hokker doarpen, buorskippen en doarpsbelangen binne wol en net ynformearre?
10. Yn de riedsbrief stiet dat likernôch fyftjin belanghawwenden fan septimber ôf oan de OAR dielnimme. Binne dy dielnimmers al selektearre of benadere? Sa ja, wannear, troch wa en op grûn fan hokker kritearia is dat bard en hoe krije net-útnûge omwenners noch in lykweardige kâns om mei te dwaan?
11. Yn de startnotysje stiet dat de OAR him rjochtet op konsensus oer in plan dêr’t de belutsen partijen mei akkoart gean kinne. Yn it Plan fan oanpak stiet dat dielnimmers it net iens hoege te wurden oer it wol of net realisearjen fan de enerzjyhub. Hokker opdracht is no liedend en op grûn fan hokker riedsbeslút kin it kolleezje de troch de ried fêststelde opdracht feroarje of beheine?
12. Kin it kolleezje garandearje dat de OAR ferskate oplossings op in lykweardige wize ûndersykje mei, lykas oplossings sûnder nije wynturbines, sanearring of ferfanging fan besteande turbines, nije turbines mei ferskillende oantallen en hichten, sinneenerzjy, enerzjyopslach, enerzjybesparring en tûke enerzjy-útwikseling?
13. Hokker mooglikheden biedt de hjoeddeistige provinsjale Omjouwingsferoardering foar it senario mei twa turbines fan maksimaal 100 meter by Betterwird? Is realisaasje ôfhinklik fan takomstige provinsjale beslútfoarming en hoe wurdt dy juridyske ûnwissichheid mei de ynwenners en de ried dield?
14. It kolleezje skriuwt dat it advys fan de OAR yn it foarjier fan 2027, tagelyk mei it definitive enerzjyprogramma, oan de ried foarlein wurdt. Op hokker mominten kin de ried dêrfoar noch kaderstellend bystjoere en hoe wurdt foarkommen dat de ried úteinlik foar in foar in grut part útwurke of feitlik net mear werom te draaien foarstel steld wurdt?
15. Is it kolleezje ree om de definitive gearstalling en start fan de OAR op te skowen oant alle relevante omwenners op grûn fan transparante en kontrolearbere kritearia ynformearre binne en in lykweardige kâns krigen hawwe om mei te dwaan?
16. Is it kolleezje ree om in nije ynformaasjebijeenkomst te organisearjen, dêr’t de portefúljehâlder, de ynhâldlik ferantwurdlike amtners en sa nedich de provinsje by oanwêzich binne, en foarôf de belanghawwende-analyze, de seleksjekritearia, it útnûgingsgebiet, de juridyske analyze en de ûndersochte enerzjysenario’s iepenbier te meitsjen?
Taljochting / oanlieding:
De gemeenteried hat, mei ynstimming fan de FNP, yn jannewaris 2026 de startnotysje foar it enerzjyprogramma fêststeld. Dizze startnotysje is it liedende ramt foar de ferkenning fan in enerzjyhub op bedriuweterrein Betterwird.
De startnotysje jout romte om ferskate enerzjyoplossings te ûndersykjen, wêrûnder sinneenerzjy, wynenerzjy, enerzjyopslach en oare oplossings foar netkongestje. Dêrby hat de ried bepaald dat alle relevante belanghawwenden yn in ier stadium en op in lykweardige wize
belutsen wurde moatte. De Omjouwingsadvysried (OAR) moat him rjochtsje op konsensus oer in plan dêr’t de belutsen partijen mei ynstimme kinne. De gemeenteried bliuwt úteinlik beslissingsfoech.
Op 27 augustus 2026 waard yn Dokkum in ynformaasjegearkomste holden oer Betterwird en it oanlûken fan ynwenners foar in bewennersplatfoarm en de OAR. Net alle omwenners yn de buert fan de ûndersochte lokaasje hawwe in útnûging krigen. Ek ynwenners bûten Dokkum, dy’t mooglik ticht by dy lokaasje wenje, binne net allegear útnûge. By de bijeenkomst wie gjin kolleezjelid of ynhâldlik ferantwurdlike amtner oanwêzich. De bijeenkomst waard fersoarge troch twa eksterne persoanen, dy’t ferskate fragen fan ynwenners net beäntwurdzje koene.
Yn it troch it kolleezje op 14 april 2026 fêststelde _Plan fan oanpak enerzjyhub Betterwird_ stiet in konkreet startsenario mei twa wynturbines mei in maksimale tiphichte fan 100 meter. Dêrby is in mooglike lokaasje oanjûn yn de griene stripe oan de noardkant fan it sinnepark. Dat senario, de tiphichte en de ûndersochte lokaasje binne by de bijeenkomst fan 27 augustus net konkreet taljochte.
Op 1 septimber hat it kolleezje de ried mei in riedsynformaasjebrief ynformearre oer it proses. Dy brief is pas ferstjoerd neidat de bijeenkomsten plakfûn hiene en op it momint dat de OAR neffens it kolleezje al yn septimber offisjeel fan start giet. De bijeenkomst fan 27 augustus, it konkrete startsenario, de seleksje fan omwenners en de provinsjaal-juridyske helberens wurde yn de brief net neamd.
Dizze fragen rinne net foarút op in ynhâldlik oardiel oer wynturbines. De FNP stiet efter de fêststelde startnotysje. De fragen geane oer de fraach oft it kolleezje dy startnotysje yn de praktyk soarchfâldich, transparant en folslein útfiert.
Undertekening:
Namme: Anton Buwalda Fraksje: FNP