Noardeast-Fryslân, 25 september 2026
Bron laatst gecontroleerd op 4 oktober 2026.
Jiertal / saaknûmer: 2026-232137
Datum: 02-09-2026
Fragen rjochte oan:
Kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Underwerp: Tagonklikens fan húsdoktersoarch foar ynwenners fan Kollum en omlizzende doarpen
Oan it kolleezje fan B&W wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen:
1. Is it kolleezje op 'e hichte fan de soargen dy't ûnder ynwenners fan Kollum en omlizzende doarpen libje oer de berikberens en tagonklikens fan de nije húsdoktersoarch yn Dokkum? 2. Dielt it kolleezje de opfetting fan de FNP-fraksje dat goede húsdoktersoarch foar alle ynwenners tagonklik wêze moat, ek foar minsken dy't minder mobyl of minder digitaal feardich binne? 3. Is it kolleezje bekend mei de sinjalen dat minsken mei in ferstanlike beheining nei 1 oktober mooglik net by de nije húsdoktersoarch fan Oostergo Huisartsen telâne kinne en dus sûnder húsdokter komme te sitten? Is it kolleezje ree om dit mei Oostergo Huisartsen te besprekken en him derfoar yn te setten dat ek dizze kwetsbere doelgroep tagong hâldt ta in húsdokter? 4. Hat it kolleezje ynsicht yn hoefolle ynwenners fan ús gemeente troch de ferhuzing fan de húsdoktersoarch nei Dokkum ôfhinklik wurde kinne fan ferfier om in fysyk konsult by te wenjen? 5. Hokker gefolgen ferwachtet it kolleezje foar ynwenners dy't ôfhinklik binne fan Wmoferfier, benammen as in ôfspraak by de húsdokter op koarte termyn nedich is? 6. Is it kolleezje ree om te ûndersykjen oft der knelpunten ûntsteane by it ferfier fan kwetsbere en minder mobile ynwenners nei de nije húsdoktersoarch yn Dokkum? Sa ja, hoe en wannear sil de ried dêr oer ynformearre wurde? 7. Is it kolleezje mei De Friesland, Oostergo Huisartsen en oare belutsen partijen yn petear west oer de gefolgen fan dizze ûntwikkeling foar de ynwenners fan NoardeastFryslân? Sa ja, wat wie de ynset fan it kolleezje yn dizze petearen? 8. Is it kolleezje ree om mei De Friesland, Oostergo Huisartsen en oare relevante partijen yn oerlis te gean oer it garandearjen fan in goed tagonklik, net-digitaal alternatyf foar ynwenners dy't net of net goed gebrûk meitsje kinne fan in app, smartphone of kompjûter? 9. Dielt it kolleezje de opfetting dat ynwenners net ôfhinklik wêze moatte fan famyljeleden of oare minsken om tagong te krijen ta harren húsdokter, omdat de primêre tagong ta de praktyk digitaal organisearre is?
10. Hokker mooglikheden sjocht it kolleezje om, yn oerlis mei de belutsen partijen, te kommen ta in foarm fan lokale fysike húsdoktersoarch yn bygelyks Kollum, lykas in fêst sprekoere, satellytlokaasje of oare foarm fan fysike oanwêzigens? 11. Is it kolleezje ree om him derfoar yn te setten dat de nije regionale húsdoktersoarch net allinnich digitaal en sintraal yn Dokkum organisearre wurdt, mar dat ek rekken holden wurdt mei de geografyske en sosjale tagonklikens foar ynwenners út de doarpen? 12. Neffens de publisiteit oer dizze ûntwikkeling stiet de húsdoktersoarch yn Fryslân breder ûnder druk troch it tanimmend tal praktykhâldende húsdokters dat op termyn mei pensjoen giet. Hat it kolleezje ynsicht yn de kwetsberens fan de húsdoktersoarch yn de oare dielen fan Noardeast-Fryslân? 13. Is it kolleezje fan betinken dat de hjoeddeistige situaasje yn Kollum (en Damwâld) oanlieding jout om breder te sjen nei de takomstige beskikberens en tagonklikens fan basissoarch yn ús gemeente? 14. Is it kolleezje ree om de ried foar 1 oktober te ynformearjen oer de konkrete stappen dy't set wurde om te foarkommen dat kwetsbere, minder mobile en net-digitaal feardige ynwenners tusken wâl en skip falle? 15. Is it kolleezje ree om de wurking fan de nije húsdokterfoarsjenning nei in bepaalde perioade te evaluearjen, mei spesjale oandacht foar de tagonklikens foar kwetsbere ynwenners, de digitale berikberens en eventuele problemen mei ferfier?
Taljochting:
De FNP hat mei soarch kennisnommen fan de ûntwikkelingen om de húsdoktersoarch yn Kollum (en Damwâld). Troch it ûntbrekken fan opfolging foar besteande húsdokterpraktiken sille tûzenen ynwenners foar harren húsdoktersoarch tenei oangewezen wêze op in nije regionale praktyk yn Dokkum.
De nije praktyk sil ûnder oare wurkje neffens in saneamd _chatfirst_ -konsept, wêrby't digitaal kontakt in wichtich útgongspunt is. Tagelyk binne der ûnder ynwenners grutte soargen oer de tagonklikens fan dizze foarm fan húsdoktersoarch. Benammen foar âlderein, minder mobile ynwenners, minsken dy't ôfhinklik binne fan Wmo-ferfier en minsken dy't minder goed mei digitale middels omgean kinne. Derneist hat de FNP sinjalen krigen dat minsken mei in ferstânlike beheining net as minimaal talitten wurde by de nije húsartsenpraktyk “Oostergo Huisartsen”.
De FNP fynt it fan grut belang dat fernijing yn de soarch net liedt ta in nije drompel foar ynwenners dy't krekt ekstra ôfhinklik binne fan goede en tagonklike soarch. Dêrom stelt de FNP it kolleezje boppesteande fragen.
Undertekening:
Namme: J. Postema
Fraksje: FNP