Tytsjerksteradiel, 13 november 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Skriftlike fragen oan it kolleezje fan B&W op grûn fan it Reglemint fan Oarder fan de gemeenterie, artikel 55
Datum: 13 novimber 2026
Underwerp: Mooglikheden útwreiding carpoolplak Garyp Rykswei
Achte kolleezje,
Yn Garyp ha we by de rotonde oan it Westerein in carpoolplak oan de Wâldwei en de ferbiningswei nei de Sintrale As. It plak telt op dit stuit 12 parkearplakken. Fan it carpoolplak wurdt in soad gebrûk makke. En dat is net frjemd. De benzine en diesel prizen binne heech. En Garyp leit moai sintraal. It is fansels maklik om even mei in kollega mei te riden. En we hawwe ek in soad ZZP-ers yn de gemeente. En dy hoege echt net allegear mei harren eigen buske nei de klus. Boppedat is Garyp net rom bedield mei iepenbier ferfier. We moatte it dwaan mei twa bushaltes dy ‘t beide in hiel ein bûten it doarp lizze. Op guon dagen is it dan ek sa drok op it carpoolplak, dat der rûnom yn it gêrs parkeard wurdt. Hjir leit dus in ferlet.
Fandêr ús fragen:
1. Is it kolleezje it mei ús iens dat ik carpoolplak eins te lyts is? 2. Hokker mooglikheden sjocht it kolleezje om neistlizzende terrein fan Rykswettersteat te ûntwikkeljen as carpoolplak? 3. Sa ja, soe it kolleezje hjirop in útfieringsplan meitsje wolle? 4. Sjocht it kolleezje mooglikheden om sa ‘n plan te bekostigjen út besteande middels?
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel,
Tjerk Buma
Oan de Westerein 38 leit in braaklizzend terrein, yn eigendom fan Rykswettersteat. Sy hiene dêr yn it ferline in depot. Dat depot is no ôfbrutsen. Dit terrein biedt yn de eagen fan de FNP in prachtige lokaasje foar in útwreiding (of ferpleatsing) fan it besteande carpoolplak.
Loftfoto Google Maps. It gebou is yntusken sloopt.
Oansjen fan de rotonde ôf