Opsterland, 10 augustus 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Oan de gemeenteried
Jo skaaimerk: Jo brief fan: Us skaaimerk: Behannele troch: telnr.: bylagen: 16-5-2026 0086255477 W.J. Dijk 0512386222 1
Beetstersweach, 16 juny 2026 ferstjoerd, 18 juny 2026
Underwerp: Beäntwurding skriftlike fragen Sluten fan it loket natuerfergunningen oant 2028
Achte ried, Col2 Col3 Col4 Col5 Col6 Op 31 maart 2026 hawwe w skriftlike fra gen krigen fan riedslid Sikke Vi gen krigen fan riedslid Sikke Vi gen krigen fan riedslid Sikke Vi sluten fan it loket n atuerfergu nningen oan t 2028. Mei dit skriuwen beänt t 2028. Mei dit skriuwen beänt t 2028. Mei dit skriuwen beänt stelde fragen mei d êrop ús r aksje: Fraach 1: Kin it kolleezje oan jaan wat d e gefolgen f an it sluten fan it neamde loket an it sluten fan it neamde loket an it sluten fan it neamde loket Kin it kolleezje oan ynwenne bedriuwe s fan de ge yn de gem meente O eente O psterlân? sterlân? c. de gemeente Opsterlân as organisaasje?
Antwurd: De provinsje Fryslân hat it ferlienen fan fergunningen foar aktiviteiten dy’t stikstof útstjitte (natuerfergunningen) tydlik útsteld. Dat betsjut dat oanfragen foar ûnder oare wenningbou, bedriuwsútwreidingen, lânbou-aktiviteiten en ynfrastrukturele projekten foarearst net yn behanneling nommen wurde. It giet dêrby om aktiviteiten dêr’t stikstof by frijkomt en delslacht op beskerme Natura 2000-gebieten. Op grûn fan de jildende wet- en regeljouwing mei der allinnich in fergunning ferliend wurde as mei wissichheid oantoand wurde kin dat der gjin signifikant negatyf effekt op de natuer is. Troch resinte rjochterlike útspraken en oanskerpe easken is it yn de praktyk suver net mooglik mear en toan dat foldwaande juridysk ûnderboud oan. Dêrtroch jildt feitlik dat sûnder natuerfergunning projekten net útfierd wurde kinne. De gefolgen binne:
- Foar ynwenners: wenningbouprojekten en oare romtlike ûntwikkelingen sille fertraging oprinne of komme stil te lizzen, wat de beskikberheid fan wenningen en leefberheid ûnder druk set.
- Foar bedriuwen: útwreidingen, ferpleatsingen en nije inisjativen kinne yn in protte gefallen net trochgean, wat liedt ta stagnaasje fan ekonomyske ûntwikkeling en ynvestearringen.
- Foar de gemeente Opsterlân: it útfieren fan beliedsdoelen, benammen op it mêd fan wenningbou en ekonomyske ûntwikkeling, wurdt dreger makke trochdat plannen net te realisearjen binne sûnder natuerfergunning.
Fraach 2: Wat ûndernimt it kolleezje om de gefolgen fan it sluten fan it neamde loket sa folle as mooglik te beheinen foar ynwenners, bedriuwen en eigen organisaasje?
Antwurd: It kolleezje konstatearret dat de mooglikheden om de gefolgen fan it sluten fan it loket fan natuerfergunningen te beheinen tige beheind binne. De provinsje Fryslân is it foechhawwend gesach foar it ferlienen fan de fergunningen en hat besletten dy út te stellen, om’t der op it stuit gjin juridysk hâldbere basis is om fergunningen te ferlienen. Dêrby merke wy op de dat “oanpak stikstofreduksje en natuerferbettering” fan provinsje Fryslân him kenne lit troch frijbliuwendheid sadat benammen foar Súdeast-Fryslân it risiko bestiet om lang op it stikstofslot te bliuwen. It sluten fan it loket jout oan dat de provinsje ek ynskat dat de eigen oanpak foarearst net liede sil ta resultaat en it dus gjin sin hat om it loket aktyf te hâlden. De sitewaasje fan no komt troch de waarnommen minne steat fan de natuergebieten en it útbliuwen fan ferbettering, wylst wet- en regeljouwing stelt dat dat earst op oarder wêze moat. Ut dy juridyske sitewaasje wei kamen rjochterlike útspraken nei foaren ta, dy’t de mooglikheid om miljeubelêstende aktiviteiten te fergunnen tsjinhâlde, salang’t de kwaliteit fan de natuer net oan de stelde noarmen foldocht. Dêrtroch kinne allinnich noch fergunningen ferliend wurde as útsletten is dat der sprake is fan negative effekten op Natura 2000-gebieten. Yn de praktyk kin soks yn frijwol alle gefallen net oantoand wurde, sadat it ferlienen fan fergunningen feitlik ta stilstân kaam is.
It kolleezje stelt ek fêst dat de kearn fan it probleem net folslein op lokaal of provinsjaal nivo leit, mar ek gearhinget mei de lanlike stikstofoanpak en de juridyske ramten dy’t dêrfoar jilde. Salang’t it Ryk gjin dúdlike, juridysk hâldbere oplossingen biedt, bliuwt it ferlienen fan fergunningen op slot en bliuwe romtlike en ekonomyske ûntwikkelingen stagnearjen. Troch generike maatregels foar Fryslân-breed en in gebietsrjochte oanpak rjochte op natuerferbettering en it werombringen fan stikstofútstjit om de stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten hinne wol de provinsje it ferlienen fan fergunningen wer mooglik meitsje yn hiel Fryslân yn 2028. It kolleezje bliuwt dêrom, mei oare gemeenten en fia de VNG, rjochting it Ryk oandacht freegjen foar dizze sitewaasje en klam te lizzen op it belang fan flugge en strukturele oplossingen, sadat it ferlienen fan fergunningen wer mooglik wurdt.
Fraach 3: Hat it kolleezje yn byld hokker projekten, wenningbouplannen of ekonomyske ûntwikkelingen yn Opsterlân fertraging oprinne kinne troch it beheinde ferlienen fan fergunningen? Is it kolleezje fan miening dat gemeenten genôch ynfloed hawwe op de gefolgen fan it stikstof- en natuerfergunningsbelied foar lokale ûntwikkelingen?
Antwurd: Sadree’t der út in Aerius-berekkening bliken docht dat der in fergunning beëage is, sjit in projekt of foarnommen projekt op ‘t slot. Dat kin him yn hiel Opsterlân foardwaan, dêr’t de ûnderfining by leart dat de logyske stelregel fan tapassing is dat in stikstofslot wierskynliker wurdt by projekten mei in grutte omfang en yn de omjouwing fan Natura 2000-gebieten.
De ynfloed fan gemeenten is beheind. Troch rjochte te stjoeren op de lokale, gebietsrjochte oanpak, kinne gemeenten en beheinde mar wol essinsjele bydrage leverje oan it ferhastigjen fan it proses. By it wenningbouprojekt Aylvalân hawwe wy besocht om mei meardere stikstofberekkeningen en mei ferskate maatregels om de stikstofbelesting te beheinen in natuerfergunning te krijen. Nettsjinsteande de bulte oan ynspanningen blykt dat spitigernôch net mooglik.
Wy fertrouwe derop dat wy jo fragen hjirmei beäntwurde hawwe. Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt opnimme mei W.J. Dijk fan de ôfdieling Fergunningen, Tafersjoch en Hanthaving.: [vergunningen@owo-gemeenten.nl.](mailto:vergunningen@owo-gemeenten.nl)
Mei freonlike groetnis,
boargemaster en wethâlders, de gemeentesekretaris de boargemaster
Sandra van 't Hooge Andries Bouwman
Bylage: skriftlike fragen FNP Opsterlân