Opsterland, 10 augustus 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder)
Datum
31-03-2026
Fraachsteller
Harm de Jong
Underwerp
Annulearren Dorpsloop Nij Beets
Taljochting
Sûnt inkele jierren wurdt yn Nij Beets de saneamde Dorpsloop organisearre. In evenemint foar jong en âld mei in soad dielnimmers. Lykwols jout de organisator oan dat it hurdrinfestijn dit jier net troch gean kin. Neffens de organisaasje binne de betingsten foar it organisearjen fan in barren as de Dorpsloop dit jier oanpast. Der soe ‘veel meer (moeten) worden geregeld’, wêrtroch it hâlden fan soksoarte lytsere eveneminten yn De Knipe komt. It is foar FNP Opsterlân net de earste kear dat wy te hearren krije dat troch de hieltyd gruttere regeldruk eveneminten, faaks organisearre troch frijwilligers, dreger te organisearjen binne of hielendal net plakfine kinne. FNP Opsterlân hat him hjir yn it ferline al faker oer útsprutsen.
Fragen
It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: - Is it kolleezje bekend mei de redenen fan de organisaasje om de Dorpsloop Nij Beets yn 2026 net troch gean te litten, en kin it kolleezje dizze taljochtsje? - Hokker konkrete feroarings yn gemeentlike regels, fergunnings- of feilichheidseasken binne der de ôfrûne jierren trochfierd dy’t ynfloed hawwe op soksoarte eveneminten? - Wêrom is dizze/binne dizze nije regel(s) fan tapassing? Wat is de reden dat dit no blykber nedich is en by eardere edysjes fan dit evenemint net? - Erkent it kolleezje dat tanimmende regeldruk in belemmering foarmje kin foar frijwilligersorganisaasjes by it organisearjen fan eveneminten? - Hokker mooglikheden sjocht it kolleezje om de regeldruk foar lytsskalige eveneminten te ferminderjen of de organisaasje better te stypjen (bygelyks troch maatwurk, begelieding of ferienfâldiging fan prosedueres)?
Undertekening en namme
Harm de Jong, FNP Opsterlân
Type Uit de bron