Opsterland, 10 augustus 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
zaaknummer: 0086255476 1 / 3
Oan ‘e ried
Jo skaaimerk: Gjin
Jo brief fan: Ús kaaimerk: Behannele troch: 16 maaie 2026 0086255476 Herman Pieter Klaster
Telefoan: (0512) 386 222
Taheakke(n): 1
Ûnderwerp: Beantwurding skriftlike fragen FNP ûnderhâld bushaltes
Beetstersweach, 16 juny 2026 Ferstjoerd op: 18 juny 2026
Achte ried,
Op 16 maaie hat menear Visser fan de fraksje fan de FNP skriftlike fragen steld oer de steat fan it ûnderhâld fan de bushaltes yn de gemeente Opsterlân Nei oanlieding fan it rapport _Ynventarisaasje Bushaltes yn_ _Fryslân_ d.d. 5 juny 2025 fan ROCOV Fryslân. Yn dizze brief beäntwurdzje wy de fragen. Yn de bylage fine jo de fragen van de FNP mei de taljochting.
_1._ _Yn it rapport stiet dat it net helder is wa as ferantwurdlik is foar it ûnderhâld fan de bushalten yn_ _de gemeente Opsterlân. Kin it kolleezje oanjaan hoe as it behear en ûnderhâld regele is fan de_ _bushalten yn de gemeente Opsterlân?_
Fan eltse wei witte wy wa’t de weibehearder is. De weibehearder is ferantwurdlik foar it behear en ûnderhâld fan de bushaltes en de omjouwing. Binnen de gemeente Opsterlân binne dit de gemeente en provinsje Fryslân.
_2._ _Ut it rapport blykt dat sosjale feiligens by bushalten yn Opsterlân in oandachtspunt is. Kin it_ _kolleezje oan jaan hoe as de sosjale feiligens by bushalten yn de gemeente Opsterlân ferbettere_ _wurdt?_
It kolleezje hat in oare lêzing fan it rapport. Pagina 18 fan it rapport jout in rangoarder fan de beoardieling fan Sosjale Feiligens fan de ferskate gemeenten dy't ûndersocht binne. Gemeente Opsterlân stiet op de nr. 2 heechst skoarende fan alle gemeenten. Spesifyk is yn Opsterlân de halte oan de provinsjale dyk N381 as leech beoardiele mei as oarsaak de lizzing fan de halte. By ús binne yn de lêste fiif jier gjin meldingen registrearre dy't gean oer de sosjale feiligens by bushaltes. It kolleezje sjocht op dit stuit dan ek gjin oanlieding om de sosjale feiligens fan haltes te ferbetterjen.
_3._ _Kin it kolleezje oanjaan as yn de gemeente Opsterlân op regelmjittige basis alle halten_ _ynventarisearre wurde op de neamde punten yn it rapport fan ROCOV_
Wy sjogge net spesifyk nei de punten lykas yn it rapport neamd. De bushaltes en romte om de bushaltes hinne wurde kontrolearre en ûnderhâlden sa't fêststeld is yn it Byldkwaliteitsplan Behear Iepenbiere Romte. Dêrneist antisipearje wy as der meldingen oer in spesifyk plak dien wurde.
Zaaknummer: 0086255476 2 / 3
_4._ _Kin it kolleezje de ried in oersjoch jaan fan de ynventarisaasje fan de halten op neamde_ _ûnderwerpen neamt yn it rapport fan ROCOV?_
De ynventarisaasje fan halten binne opnommen op side 2 fan it rapport en digitaal te rieplachtsjen fia de webside fan ROCOV Fryslân. It kolleezje hat gjin oanfoljende ynventarisaasje op de beneamde ûnderwerpen.
5. _Kin it kolleezje oanjaan op hokker termyn halten dy ‘t net yn oarder binne oanpakt wurde?_
De gemeente Opsterlân stiet yn de “ _Overall ferliking gemeenten”_ op nûmer 4 fan de 14 ûndersochte gemeente (side 15 fan it rapport). Yn totaal binne 262 halten ûndersocht. De gemeente Opsterlân hat 5 fan de 32 halten dy't it bêste skoare yn de provinsje (side 20 fan it rapport). Der steane gjin stasjons fan de gemeente Opsterlân yn de min skoarende halten. Wy fine it dêrom net nedich om fierdere ferbetteringen troch te fieren.
_6._ _Kin it kolleezje oanjaan as de steat fan de halten byhâlden wurdt op de DOVO halte viewer en_ _as de ynformaasje dêrop aktueel is?_
Binnen it gearwurkingsferbân DOVA (Decentrale OV-Autoriteiten) binne der ôfspraken makke oer data. As weibehearder hawwe wy hjiryn in beheinde rol en leveret allinnich periodyk gegevens oan by wizigingen en / of meldings. Wy sjogge gjin oanlieding om kontrôles út te fieren of de datasystemen fan tredden aktueel binne.
_7._ _Is it kolleezje op de hichte fan de subsydzje fan de provinsje?_
Ja, it kolleezje is op 'e hichte fan de subsydzjemooglikheden foar it ferbetterjen fan haltes foar tagonklikens. Yn it ferline hawwe wy dêr in soad gebrûk fan makke.
_8._ _Kin it kolleezje oanjaan as de Gemeente Opsterlân gebrûk makket of fan plan is op gebrûk te_ _meitsjen fan bedoelde subsydzje?_
By in werynrjochting fan de iepenbiere romte wol it kolleezje gebrûk meitsje fan dizze subsydzje. In halte is faak ien ûnderdiel fan it tagonklik meitsjen fan de totale iepenbiere romte. De halte wurdt dan yntegraal opnommen binnen de werynrjochting en dan biedt de subsydzje hjiryn ekstra finansjele mooglikheden.
Zaaknummer: 0086255476 3 / 3
_9._ _Sjocht it kolleezje oanlieding om nei oanlieding fan it rapport maatregels te nimmen foar_ _ferbettering fan bushalten yn Opsterlân?_
Sjoch it beäntwurdzjen by fragen 2 en 5. It kolleezje is fan miening dat der gjin direkte needsaak is om haltes te ferbetterjen. Wol is der altyd romte foar ferbettering en nimme wy de ûndersyksresultaten mei by takomstige werynrjochtingen.
Wy fertrouwe derop jo hjirmei genôch ynformearre te hawwen. Mochten jo noch oanfoljende fragen hawwe, dan kinne jo kontakt opnimme mei ús ferkearskundige; Rico Bade. Hy is te berikken op [rico.bade@opsterland.nl.](mailto:rico.bade@opsterland.nl)
Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders,,
de gemeentesekretaris, de boargemaster,
Sandra van ’t Hooge Andries Bouwman
Taheakken: Skriftlike fragen - Steat fan ûnderhâld bushalten Opsterlân