Noardeast-Fryslân, 16 november 2026
Jiertal / saaknûmer: 2026-299521
Datum: 13 novimber 2026
Fragen rjochte oan:
Kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Underwerp: De wolf
Oan it kolleezje fan B&W wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen:
1. Hat it kolleezje meikrigen dat der snein 8 novimber wer wolven sjoen binne yn Noardeast-Fryslân? 2. Wurde der sichtmeldingen yn ús gemeente byhâlden? 3. Sa ja, binne der sifers fan bekend? 4. Wat is bekend oer de mooglike wolvepopulaasje yn it Lauwersmargebiet? 5. Is dêr in protokol of draaiboek wat te dwaan yn situaasjes wannear’t de wolf sjoen wurd as/en skea tabringt oan bist as minsk? 6. Wat no as yn de kommende tiid hieltyd faker wolven yn ús gemeente sinjalearre wurde?
Taljochting:
Sneintemoarn binne der twa wolven sjoen tusken Jislum en Burdaard en letter by Jannum. Dit is net de earste kear yn ús gemeente. Minsken skrikke hjir fan. In soad bern fytse yn it tsjuster as by skimer moarns in hiel ein nei skoalle, de ôfstânen bin grut yn ús gemeente, wêrtroch as minsken harren ûnfeilich fiele as sy bygelyks allinnich rinne of fytse. Lit stean wat dit betsjutte kin foar feehâlders. Sjoen de lanlike snelle flecht dat de wolf yn Nederlân nommen hat, ha wy hjir soargen om.
Undertekening:
Namme: Janne Tacoma-Dijkstra
Fraksje: BBB