Noardeast-Fryslân, 12 november 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Jiertal / saaknûmer: 2026-294268
Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 12 november 2026
Underwerp: Elzensingel- en dykswallenbehear
De ried,
heard it beried ;
konstatearjend dat:
➢ yn ús gemeente, op de sângrûnen elzensingelbehear útfierd wurdt troch partikuliere
eigenaren; ➢ eltse 21 jier de elzensingels kapt wurde, konfoarm de behearsbetingsten; ➢ dizze behearsbetingsten fêstlein binne troch de Provinsje Fryslân; ➢ by dit behear hout freikomt; ➢ der gjin duorsume bestemming is foar de takken; ➢ dizze takken yn it ferliene ferbaand waarden;
oerwaagjend dat:
➢ we as gemeente wiis binne mei de behearders fan it lânskip en mei elkoar graach
wurkje oan takomstbestendich lânskipsbehear; ➢ we takken net sjen moatte as ôffal mar as in duorsume grûnstof yn de foarm fan jiske,
herwinbere brânstof of organyske stof yn de boaium; ➢ it kolleezje oerwaget om it ferbaarnen fan takken te ferbieden; ➢ de gemeente belied makket dêr’t de behearders achter stean;
fersiket it kolleezje:
➢ om de behearders fan elzensingels en dykswallen tastimming te jaan foar it
ferbaarnen fan takken, dy’t frei komme by it ûnderhâld fan dizze lânskipseleminten; ➢ dit ta te stean middels in melding; ➢ mei oare gemeenten lykas Achtkarspelen, Dantumadiel, Smellingerlân en
Tytsjerksteradiel te sjen nei mogelijkheden oant 31 desimber 2028; ➢ de tastimming per seizoen ôf te jaan (ûnderhâld fynt plak fan 1 nov-31 maart) en it
belied fêst te stellen oant 31 desimber 2028; ➢ de ried foar 1 jannewaris 2027 te ynformearjen oer de de tastimming en de oanpak,
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: P. Mulder (CDA), BBB
Stimming Foar: Tsjin: Moasje oannaam / net oannaam
| Moasje oannaam / net oannaam |
| Moasje oannaam / net oannaam |
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 12 novimber 2026.
De ried niisneamd, de griffier, de foarsitter,
{{Signer1}} {{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra mr. J.G. Kramer