Achtkarspelen, 29 september 2026
Bron laatst gecontroleerd op 4 oktober 2026.
Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 43
Datum: 29 septimber 2026
Ûnderwerp: Problematyk by de krusing Optwizel-Mounewei (N355 Twizel)
Saak- en stiknûmer: 2026092922324 _/_ 26ZG051215
Achte kolleezje,
By in soad ferkearsdrokte op de N355 wurdt der op de krusing Optwizel-Mounewei in protte ynhelle fia it fytspaad. D’r is gjin ôfskieding tusken it fytspaad en de strjitwei. Minsken dy’t út de Haven wei komme, wachtsjende fytsers en kuierders binne dêrtroch faak yn gefaar. In libbensgefaarlike situaasje. We hawwe begrepen dat de rydbaan foar auto’s en trekkers yn behear fan de provinsje is mar dat it fytspaad yn eigendom fan de gemeente is.
De fraksje fan de FNP hat de folgjende fragen:
1. Is de gemeente op ’e hichte fan dizze problematyk? 2. Hat der oer dizze problematyk oerlis west mei de provinsje? 3. Hoe tinkt de gemeente hjir mei de provinsje ta in feilige oplossing te kommen?
Út namme fan de FNP Achtkarspelen,
Ytje van der Meulen